Draken
Lucas joech in sprekbeurt oer draken. Hy fertelde dat dy wier bestean en dat in oare namme foar draken ‘grutte minsken’ is. De juf waard lilk. Fjoer-enerzjy spoot út har eagen en mûle. ‘Sjochst wol!’ rôp Lucas. Dat makke de juf fansels allinne mar lilker. Der kaam no sels stoom út har earen. Hja fûn de sprekbeurt net goed en hy moast folgjende wike op 'e nij.
No rûn hy oer strjitte en seach nei de grutte misken om him hinne. By in soad minsken kaam der fjoer-enerzjy út harren holle. Soms wat mear, soms wat minder. Ek by bern dy’t in klasse heger dan him sieten, seach hy it al in bytsje. ‘Wêrom bin ik de iennige dy't it sjocht,’ frege hy him ôf.
Doe seach hy in âlde man dy't it hielendal net hie. Fuortendaliks stapte hy der op ôf. ‘Menear, binne jo gjin draak?’ frege hy. ‘Gjin draak… hoe bedoelst?’ frege de man. Lucas lei it út. ‘Ah,’ sei de man, ‘wat goed datsto dat sjochtst, dat dogge net in soad minsken. Hurde eagen en in protte yn 'e holle sitte. Ja, dêr bin ik lang lyn mei stoppe! Ek al docht elkenien it, wy hoeve gjin draak te wurden, hear. Better sels fan net!’ De man seach him ris djip oan en frege: ‘der is in oefening foar, wolsto dy leare?’ Lucas knikte. ‘Graach!’
Wolst dit koarte ferhaal fierder lêze, bestel dan it boekje troch in email te stjoeren nei
info@naisan.nl
It giet om in koart ferhaal mei yllustraasjes fan
Melissa Woelders. It is beskikber yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Sjoch hjirûnder foar de ôfbyldingen (fan de Nederlânske ferzje). It ferhaal is drukt op A5 formaat en kostet 5,00 euro, eksklusyf ferstjoerkosten*. Twa yllustraasjes binne ek te krijen as aansichtkaarten (A6) en kostje 1,00 euro per stik.
* De (bydrage oan de) ferstjoerkosten binnen Nederlân binne foar ien boekje 2,50; foar 2 of 3 boekjes 3,50 en foar mear as 3 boekjes 5,00 euro