Naisan
Wa bin ik

Wa't ik bin? Gjin idee; minske, spiritueel wêzen, de tredde krêft - tút tusken sinne en ierde, in klonte enerzjy, bewustwêzen? Of miskien wol allegearre, ôfhinklik fanôf hokker nivo en perspektyf je sjogge?
Ik wit it net, ik sjoch benammen de opsjes.

Mar boppesteande is fêst net watsto witte woest ;)

Myn namme is Bonne Pier. Ik bin man, fyftiger en wenje yn Fryslân.
As tritiger rekke ik foar in part arbeidsûngeskikt en begûn in lange - noch oanhâldende - reis nei bewustwurding, hieljen en it gean erkennen en libjen fan myn jeften.

Wichtige pylders op myn reis hawwe de begelieding troch myn eigen coach, Ishaya's Ascension - de meditaasjefoarm dy't ik beoefenje - en de lêste jierren ek de Neidan Kung - de inerlike algemy fan it Taoïsme west.

Ûnderwilens bin ik safier dat ik ek oare minsken begelied by har hieljen en groei. Dêr lizze nammentlik myn jeften! Ûnder it kopke oanbod fynsto de ferskillende foarmen wêr't ik dat mei doch.

Noch wat oare labeltjes foar de leafhawwer: multipotential, jeften-autist, hsp, lärm, 1/3 generator,






Naisan
De earste kear dat ik it boek Second Thunder fan MSI yn hannen hie en it samar op in side iepensloech, sprong fuortendaliks it wurd Naisan der út. Stikem hie ik it gefoel dat dit myn 'Ishaya-namme' as learaar wurde soe. Safier is it lykwols nea kommen. Doe't ik in pear jier letter in namme socht foar myn webside kaam de namme wer omheech.

Ik ha doe fansels de betsjutting opsocht; it is Sanskryt en kin oerset wurde as 'into-sharpen'. Skerp meitsjen dus, of hotsje. Hoe tapaslik! Lykasto in mes skerp makkest troch it bei in hotte lâns te hâlden, sa kinne wy de oerstjûgingen dy't ús 'persona' (ego) foarmje tsjin it ljocht fan it bewustwêzen hâlde. Hieltyd fanút oanwêzigens yn dit stuit, trochsjen wat der spilet (WÊZE MEI YNSJOCH). Mei in hieltyd helderdere geast en djipper yn it lichem, ús sielsúlining libje!


Bloch en ferhaaltsjes
Ik bin begun mei it skriuwen fan in bloch. Ynspiraasje wienen benammen de ynsichten dy't yn my op kamen, triggerd troch wat der om my hinne barde en mear spesifyk yn de Ishaya-wrâld.

Dit dielde ik. As in momintopname, net as wat dat foar ivich fêst stiet, of universeel fan tapassing is. Soms miskien in bytsje unnuansearre of resolút; as útnoeging oan dy om by dysels te sjen - hoe it foar dy is en wat der by dy bart.

Nei iennige tiid murk ik dat ik my hieltyd mear liet beynfloedzje troch de minsken om my hinne - by de kar fan de ûnderwerpen en de toan fan wat ik skreau. Reden om der mei te stopjen. De bloch stiet lykwols noch op de side, dus fiel dy útnoege om te gean lêzen. En wa wit begjin ik wer mei skriuwen.

Ik ha nei die tiid noch wol in tal koarte ferhaaltjes fanút itselde prinsipe skreaun: ik skriuw wat der troch my hinne komt – op it momint dat it troch my hinne komt, sûnder al te folle de perfeksje te sykjen. Twa fan dizze ferhaaltjes haw ik drukke litten en dy kinsto bestelle.


Wêr't ik bliid fan wurd
Fan boppesteande! Fan earlik nei dysels sjen en dêr goede petearen oer hawwe, fan natuerlike klanken en trillingen, fan enerzjy yn beweging. Ik wurd bliid fan minsken begeliedje by (sels)hieljen, it (werom)finne fan harrensels en wêr hja ferfolling yn fine. Minsken ynsjoch jaan yn wat se tsjinhâld om gelokkich en mear harrensels te wêzen - en se romte en begelieding biede om dêr stappen yn te setten - of oars sein: om versluierende laachjes los te litten. Om te (gean) bloeien as wa't sy binne. Dat let my ek bloeie!



Privacy, cookies & reklame
e