De ljochtridder
Der wie ris in jonge, bysûndere, dappere en fleurige ljochtridder dy't altyd lekker oan it boartsjen, tekenjen en sjongen wie. En sa liet se har ljocht skine yn de wrâld om har hinne.
Op in stuit barde der yn har libben in oantal dingen dy se net sa goed befette en ek net sa moai fûn. Se krige allegear gefoelens fan soarch, benaudens, iensumens en fertriet. In diel fan dy gefoelens wiene fan harsels, mar it measte die se op fan oaren yn de wrâld om har hinne. Ljochtridders binne der nammentlik gefoelich foar, benammen as se sels efkes wat minder ljocht útstriele.
Om't se dit allegearre net sa koe, tocht se dat al dy gefoelens fan har sels wiene. Se gie dêrtroch ek hieltyd mear de gedachten leauwen dy’t by sokke gefoelens hearre. Gedachten as dat der wat mis wie en dat it miskien wol nea mear goed komme soe. En sels dat it miskien wol allegearre troch har kaam. Dat sy wat fout dien hie of dat der wat mis wie mei har. Se fielde har dêrtroch noch minder goed. Se hie gjin sin mear om lekker te boartsjen en se krige der sels pine yn har liif fan.
De minsken om har hinne seagen har strieljende ljocht hieltyd wat minder skinen. Se woene har graach helpe, mar wisten net sa goed hoe. De ljochtridder woe dat eins ek leaver net en luts har werom yn harsels. Se tocht djip fan binnen dat it dochs gjin sin hie en dat it allegearre oan har lei. En ek al fielde se har net sa goed, it fielde ek wol feilich sa. As de minsken mar wei bleauwen, koene se har ek gjin pine dwaan.
Wolst dit koarte ferhaal fierder lêze, bestel dan it boekje troch in email te stjoeren nei
info@naisan.nl
It giet om in koart ferhaal mei yllustraasjes fan Liselotte Koeling. It is beskikber yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Sjoch hjirûnder foar de ôfbyldingen (fan de Nederlânske ferzje). It ferhaal is drukt op A5 formaat en kostet 8,00 euro, eksklusyf ferstjoerkosten*. De yllustraasjes binne ek te krijen as aansichtkaarten (A6) en kostje 1,00 euro per stik.
* De (bydrage oan de) ferstjoerkosten binnen Nederlân binne foar ien boekje 2,50; foar 2 of 3 boekjes 3,50 en foar mear as 3 boekjes 5,00 euro